In tafelspoat as wapen
Yn Ljouwert is in man oanhâlden omdat er minsken oanfalle woe mei in tafelspoat. De plysje krige in melding en fûn de fertochte op de Insulindestrjitte, mei de tafelspoat.
De man soe twa minsken mei de tafelspoat te liif gean, omdat er spul mei se hie. De man is meinommen nei it buro, fanwege ferbean wapenbesit.