Sigretten stellen yn Boalsert

25 sep 2007 - 10:14

Yn in supermerk oan de Snekerstrjitte yn Boalsert is moandeitenacht ynbrutsen. Fan de smokersôfdieling binne sloffen sigretten en pakjes sjek stellen. De dieven binne der yn kaam troch in rút oan de foarkant fan de winkel te fernielen.

Tiisdei wurdt besjoen oft der noch mear stellen is. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha, oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)