'Ganzebord' by Menameradiel

© Omrop Fryslân
De polityk yn Menameradiel wol in soarte fan 'ganzebord' dwaan mei de ynwenners.
Dit om der efter te kommen hoe't der tocht wurdt oer sosjale fraachstikken, sa as hingjongeren, of iensumens by âlderein. Yn acht doarpshûzen wurde dêrfoar gearkomsten organisearre. Menameradiel hat hjirmei in primeur foar gemeenten. Earder is in selde soarte boerdspul wol yntrodusearre by oare ynstellingen.