Mulder gjin foarsitter PvdA

24 sep 2007 - 20:25

Ald-deputearre Bertus Mulder fan Feanwâlden is net de nije partijfoarsitter fan de PvdA wurden.

Dy eare gie nei Lilianne Ploumen. Se krige 54 prosint fan de stimmen en is de opfolger fan Michiel van Hulten, dy't dit foarjier opstapte. De oare kandidaten wiene. Jan Pronk, Erik de Baedts, Tjeerd van Dekken, Solomon Tesfaye en Ad Voerman. Mulder hat de lêste wiken aktyf kampanje fierd om partijfoarsitter te wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)