Ald-Gariper betinkt nij metaal

© Omrop Fryslân
De Technyske Universiteit Delft hat in nij, licht metaal betocht dat foar de loftfeartyndustry in spektakulêre besparring opsmite moat.
Heechlearaar Rinze Benedictus, berne yn Garyp, fan de TU hat in wichtige bydrage levere oan de útfining fan it metaal. It nije soart aluminium is net allinne lichter, mar ek minder gefoelich foar metaalwurgens. De útfining wurdt dizze wike presintearre op in ynternasjonale konferinsje.