Wer Iersk stik by Tryater

© Omrop Fryslân
Teaterselskip Tryater komt op 'e nij mei in Iersk stik. Nei de Ierlântriology en De Gebedsgenêzer giet op 12 oktober It perfekte byld yn premjêre. De rezjy docht Anny van Hoof. Spilers binne Aly Bruinsma, Tamara Schoppert en Marijke Geertsma.
It stik giet oer in konfrontaasje tusken in keunstneres en har dochter, oer de ferdwining fan in oare dochter. Oant en mei 15 desimber is it stik te sjen.