Alves treent wer mei de groep

Afonso Alves oefene moandei mei Paulo Henrique yn 'e spits
Spits Afonso Alves fan sc Hearrenfean hat moandei wer foar it earst mei de groep meitreend. Alves trainde ferline wike noch apart, omdat de direksje earst mei him prate woe. Nei de wedstriid Brazilië-Meksiko wie Alves in wike ûnder wetter. Neffens trainer Gertjan Verbeek wie Alves ôfwêzich fanwege persoanlike problemen.
No't Alves wer mei de groep treent is de kâns grut dat hy woansdei ek wer fuotballet yn it bekertoernoai.