Gjin romte foar glêstúnbou

Foarearst komme der allinnich by Seisbierrum mear kassen
Glêstúnboubedriuwen yn Noard-West Fryslân krije foarearst net de groeimooglikheden dêr't se op hoopje. Harns, It Bilt en Menameradiel jouwe de sektor gjin romte.
It provinsjale streekplan jout romte foar in útwreiding fan 450 hektare, mar dat wurdt net helle. Omdat allinne Frjentsjeradiel de glêstúnbou de romte jout, komt der oan de súdkant fan Seisbierrum 225 hektare ekstra grûn frij foar de túnkers.