Gjin Liet dit jier

Gjin optreden op Liet dit jier foar Fryske bands
It provinsjaal sjongfestival Liet giet dit jier net troch. Dat hat de gemeente Ljouwert bekendmakke. De gemeente is ien fan de sponsoren. It stiftingsbestjoer sels wol noch hieltyd gjin útspraak dwaan oer it al of net trochgean fan it festival dit jier.
Liet bestiet sûnt 1991. It is foar it earst yn it bestean fan it festival dat it net trochgiet. De organisaasje soe wurkje oan in nije opset fan Liet.