Bou keunstesintrum begûn

Yn Ljouwert is moandei de earste peal slein foar it nije Centrum voor de Amateurkunst. Dit sintrum foar amateurkeunstners yn teater, muzyk en dûns komt by de Infirmirie.
Amateurferienings dy't advys wolle oer it fak kinne skylk telâne yn it nije sintrum. Der komme ek twa grutte studio's dêr't Fryske amateurselskippen repetearje kinne. Septimber takom jier moat it gebou klear wêze.