Elma de Vries wint yn Rijssen

23 sep 2007 - 15:08

Elma de Vries fan De Haule hat sneon de lêste wedstriid wûn fan de skeelerkompetysje World on Wheels. Yn Rijssen wie de 24-jierrige Europeeske kampioen op de 1000 meter de rapste fan in kopgroep fan trije froulju.

De Belgyske Hilde Goovaerts út Zemst waard twadde en in oare Belgyske, Britta Vantournhout fan Oostende, waard tredde. Hilde Goovaerts wûn foar de fjirde kear op rige it algemien klassemint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)