Fabriek & De Jong troch nei WK

Dirk Fabriek fan It Hearrenfean is sneontejûn twadde wurden yn de A-finale fan de WK-kwalifikaasje langbaan op de baan yn it Dútske Vechta. Jannick de Jong fan De Gordyk wûn de B-finale en waard sadwaande sande.
Hjirmei ha de beide Friezen har pleatst foar de grandprix WK-wedstriden fan takom jier. Theo Pijper hie dat al earder dien.