Riekele Kobes wint 10 km

23 sep 2007 - 14:01

Hurdrinner Riekele Kobes fan Nij Beets hat sneon yn it Grinzer Uithuizermeden de tsien kilometer op de dyk wûn. Hy kaam yn in tiid fan 35 minuten en 10 sekonden oer de streek.

Taco Santing fan Delfzijl waard twadde op 27 sekonden en Peter Meijer út Bedum tredde op 51 tellen fan de winner. Yn Uithuizermeden kamen trijehûndert atleten oan de start.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)