Motorrider ferwûne yn Gaast
In 56-jierrige motorrider út Dirkshorn is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn Gaast. Troch noch ûnbekende oarsaak gong de man ûnderút. Fia de bjirm rekke er yn de sleat.
In foarbygonger hat de man út it wetter helle. De motorrider waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs. Hy hat nei alle gedachten in brutsen foet oerholden oan it ûngelok.