Famke ferwûne by ûngelok A32
In 18-jierrich famke út Assen is sneontemiddei ferwûne rekke by in ûngelok op de A32. It slachtoffer ried by Haskerdiken oer de grutte dyk doe't se in klapbân krige.
It famke hie de auto net mear ûnder kontrôle en klapte tsjin de fangrail. Se hie ferskate ferwûnings en waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.