Ekstra gearkomste Kollumerlân

23 sep 2007 - 12:40

De ried fan de gemeente Kollumerlân hâldt tongersdei in ekstra gearkomste. De riedsleden sille dan prate oer hoe't se omgean sille mei fertroulike meidielings en fertroulike stikken. De ekstra riedsgearkomste wurdt belein nei oanlieding fan in útlekte meidieling fan boargemaster Bilker.

Hy hie yn de ried fertroulik sein dat Kollumerlân fan doel is te fusearjen mei Achtkarspelen. Riedslid Samplonius (FNP) skreau dat yn de Kollumer Krante.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)