Eefkes yn 'De Earen' sjen

22 sep 2007 - 17:14

Mear as twa tûzen besikers hawwe sneon op de iepen dei by De Grutte Earen yn Boerum west. Dêr sit in satellytsintrum. Sân jier ferlyn wie dêr de lêste iepen dei.

It satellytsintrum yn Boerum waard yn 1972 iepene troch keninginne Juliana. It sintrum wie earst fan 'e KPN, mar is no fan it bedriuw Stratos. De dielnimmers fan de rally Amsterdam-Dakar kommunisearje ek fia de Grutte Earen fan Boerum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)