Balk riedt him ta op de Sint

Yn Balk binne se no al drok dwaande mei de yntocht fan Sinteklaas op 24 novimber. De Goedhillichman komt mei de pakjeboat oan oer it rivierke de Luts. De ferwachting is dat dêr tûzenen bern, heiten, memmen en pakes en beppes op ôf komme.
Om de yntocht fan 'e Sint en syn 25 piten goed ferrinne te litten is der ekstra plysje en in EHBO-post. De oankomst wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje.