Loftkastielen yn Broeretsjerke

Yn 'e Broeretsjerke yn Boalsert wurdt takom wike it stik Loftkastielen spile. It teaterstik is spesjaal makke foar de ruïnetsjerke troch de stichting Blauwe Toer. Dy hat twa kear earder in stik opfierd, mar noch nea yn 'e tsjerke sels.
De stichting is oprjochte foar it meitsjen fan teater yn 'e Broeretsjerke. It is de bedoeling om alle jierren in stik yn 'e ruïnetsjerke op te fieren.