Harns-Surch ticht om wurk

De N31 fan Harns nei Surch is no alhiel ticht
De kommende wiken leit de dyk tusken Harns en Surch derút. De dyk wurdt ferdûbele, op 'e Keningsbrêge nei. De ôfsluting betsjut foar in soad automobilisten dat se in omride moatte. Sa moat it trochgeande ferkear tusken Ljouwert en de Ofslútdyk no oer de provinsjale dyk oer Boalsert en de A7. Ek lokaal binne der noch in pear lytse omliedings.
De omlieding is freedtejûn yngean en duorret oant freed 12 oktober.