Makliker sms'e yn it Frysk

Frysk moat ek in echte sms-jongerentaal wurde
De provinsje siket jonge Friezen dy't helpe wolle it brûken fan it Frysk op ynternet en mobyltsjes makliker te meitsjen. De provinsje wol graach in Fryske T9-knop op mobyltsjes en ek in Fryske 'skyl' op populêre tsjetboksen lykas MSN.
Op de earste Pecha Kucha-jûn fan De Nieuwe Garde Ljouwert frege Siem Akkerman út namme fan de provinsje jonge ynternet-ûndernimmers om de provinsje te helpen by dizze plannen.