Himpteler mei twa kwekerijen

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa himpkwekerijen fan deselde eigner opspoard en ûntromme. De fertochte is in Ljouwerter (44). De earste kwekerij wie yn in loads oan de Van Harinxmawei yn Frjentsjer. Achter in sket fûn de plysje dêr 150 himpplanten. De stroom kaam út it gebou dêrnjonken. Yn dat gebou waard ek de fertochte oanhâlden.
By de man thús yn Ljouwert waarden nochris hûndert planten oantroffen.