Lytse kettingbotsing yn Snits

22 sep 2007 - 12:48

By in oanriding tusken trije auto's yn Snits is freedtemiddei in frou (27) út dy stêd ferwûne rekke. De auto's rieden op de Boalserterwei. De earste auto moast remje foar in foargonger dy't stilstie foar oerstekkende fytsers. In auto dêrachter remme ek.

It slachtoffer siet yn 'e auto dy't dêrnei kaam. Se seach te let dat de auto's foar har stilstiene en klapte der boppeop. De frou is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)