Nij kanaal om Ljouwert hinne

21 sep 2007 - 20:22

Der moat in kanaal om Ljouwert hinne komme, oan de eastkant. Dit is noadich omdat it tal grutte syljachten dat binnentroch fan Lauwerseach fia Ljouwert nei Harns of De Lemmer fart tanimt en foar files yn de haadstêd soarget omdat de brêgen iepen moatte.

In steande mêstrûte soe de oplossing wêze foar it probleem. Dit is te lêzen yn de stikken fan de 'Twadde faze Fryske Marren Projekt'

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)