Skoalle hat gjin bel

© Omrop Fryslân
De Kristlike skoallemienskip Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer hat in lyts, mar wol akelich probleem. It hypermoderne nije skoalgebou oan de râne fan de rûnwei hat net in bel en net in ynterkom.
Miskommunikaasje tusken de bouwer, arsjitekt en de skoalle is de oarsaak fan it ûntbrekken fan it needsaaklike ynstrumint om de bern de klasse yn te krijen. It probleem wurdt foar de offisjele iepening ferholpen.