Foppe op Sineeske muorre

21 sep 2007 - 14:05

Foppe de Haan hat freed by Peking mei oare Nederlânske topcoaches in besite brocht oan de Sineeske muorre. De coaches binne dêr foar de Olympyske Spelen dy't takom jier yn Sina binne. De trainers besjogge de akkommodaasjes en wikselje ideeën út. Ek besjogge se de grutste attrakjes yn de omkriten.

It is noch mar de fraach oft Foppe de Haan takom jier ek yn Peking is. In soad fuotbalwedstriden wurde op oare plakken yn Sina spile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)