Opposysje stipet B&W

21 sep 2007 - 13:43

It gemeentebestjoer fan Littenseradiel komt net yn gefaar, ek al hawwe de kolleezjepartijen gjin mearderheid mear nei in ôfsplitsing binnen de PvdA. Freed waard bekend dat fraksje- foarsitter Waterlander mooglik út de fraksje stapt en selsstannich fierder giet, no't de VVD en in diel fan de PvdA net langer prosedearje wolle tsjin boargemaster Liemburg.

De opposysje fan CDA en FNP seit al op foarhân dat se it kolleezje stypje sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)