Studinten nei Tsjummearum

21 sep 2007 - 11:51

Omdat yn Ljouwert in tekoart oan studintekeamers is, wurde bûtenlânske studinten tydlik ûnderbrocht yn bungalowpark Barradeel yn Tsjummearum. It giet om sa'n 40 studinten fan de trije hegeskoallen yn de Fryske haadstêd. Dat is sa'n tsien persint fan it totaal oantal bûtenlânske studinten.

De opfang yn it bungalowpark is tydlik. Nei de krystfakânsje moatte de studinten yn Ljouwert wenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)