Autodieven oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei op it stasjon yn Ljouwert in man út Sint Anne en in jonge út Ljouwert oanhâlden omdat se dy nachts in auto stellen hiene. De eigner hie moarns oanjefte dien.
De plysje ûntduts dat de auto kocht wie troch in autobedriuw yn Hilversum. De plysje dêr krige fan it bedriuw te hearren dat de manlju fan wa't it de auto kocht hie, op de trein nei Ljouwert set wiene. Dêr koe de plysje harren oanhâlde en arresteare.