Grafffitispuiter aktyf yn Grou

21 sep 2007 - 11:16

Yn Grou binne de ôfrûne dagen in pear skoalgebouwen besmoarge mei graffiti. It giet om de skoalle de Twa Fisken, dy't gebouwen op meardere lokaasjes hat.

It byld fan Halbertsma oan de Parkstrjitte sit ek ûnder de ferve. De plysje siket de dieders en freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)