Plysjekontrôle op te hurd ride

21 sep 2007 - 11:10

De plysje hat tongersdei op twa plakken yn Fryslân kontrolearre op te hurd riden. Oanlieding wiene klachten fan minsken dy't oan 'e dyk wenje of wurkje. Yn Surhústerfean op de Dimpte Feart waarden 1100 automobilisten scand. Fan har rieden 179 te hurd.

Yn Boyl stiene de plysjes by basisskoalle De Oosterbrink. Dêr rieden seis automobilisten 15 of mear kilometer te hurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)