Opknapbeurt foar Aldehou

20 sep 2007 - 20:53

De Rotaryclub Ljouwert hat in stichting oprjochte om de Aldehou yn 'e stêd fan binnen op te knappen. De stichting Vrienden van de Oldehove hat ôfspraken mei de gemeente makke om fjouwer ton foar de opknapbeurt op te heljen. Dat bedrach is nedich om alle plannen wier te meitsjen. De rotaryclub wol ûnder mear houten flierren op de ferskate ferdjippings oanbringe. Ek moat der in glêzen lift yn de skeane toer kome.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)