Rotsoai kust ynventarisearre

Skoalbern skriuwe op wat se allegearre oan troep tsjinkomme
Learlingen fan it Simon Vestdijk Kolleezje yn Harns hawwe oan 'e Waadkust by de Stiennen Man smoargens ynventarisearre. Dat barde yn it ramt fan Coastwatch fan 'e Stichting Noordzee.
Frijwilligers yn tweintich lannen fan Noarwegen oant Spanje dogge dêroan mei. Se skriuwe op wat se allegearre oan troep tsjinkomme. De Harnzer skoalbern hoege de rotsoai net op te rêden. Dat docht Rykswettersteat.