Mooglik nijbou Betheltsjerke

20 sep 2007 - 16:25

De Beteltsjerke yn Drachten wol in nije tsjerke bouwe foar 5000 gemeenteleden. It tsjerkegebou fan de Frije Baptisten oan de Bolder wurdt te lyts. De ferwachting is dat it tal tsjerkegongers ek yn 'e takomst bot tanimt.

In spesjale kommisje ûndersiket op dit stuit wêr't de nije tsjerke boud wurde kin. Mei de gemeente Smellingerlân wurdt praat oer mooglike lokaasjes. Ien dêrfan is in stik grûn by Nijtaap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)