Nij fytspaad Bûtenpost-Kollum

20 sep 2007 - 15:05
Foto: Omrop Fryslân

By de Lauwersmarwei by Bûtenpost en Kollum del wurdt in nij fytspaad oanlein. De gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân hawwe dêrta besletten.

It paad komt te lizzen fan 'e Van Heemstrawei yn Kollum oan de Egyptewei yn Bûtenpost ta. It wurk moat yn 2008 út ein sette. It paad wurdt part fan in toeristysk fytspadeplan.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)