Twadde priis Johan de Jong

© Omrop Fryslân
De wurkgroep tsjerkeûlen fan Johan de Jong hat de twadde priis wûn yn de Paul Fentener van Vlissingen/AD Natuurprijs. Dy is bedoeld foar partikulieren dy't har ynsette foar de beskerming of ûntwikkeling fan natuer. Ed Nijpels is sjueryfoarsitter. De wurkgroep hat der mei foar soarge dat it wer goed giet mei de ûlen. De priis fan 12.500 euro wol de wurkgroep brûke foar foarljochting en fierdere profesjonalisearring.