Auto botst op frachtwein

20 sep 2007 - 11:44

De dyk tusken De Rottefalle en Surhústerfean is ôfsletten foar plysje-ûndersyk. Op de Litswei is in auto op in frachtwein botst. De ûngefalletsjinst ûndersiket no hoe't dat krekt barre koe. Ien persoan moast út de auto helle wurde troch de brânwacht, in oar slachtoffer is mei ferwûnings nei it sikehûs oerbrocht.

Ferkear dat fan de Wâldwei ôfkomt, moat de kommende oeren rekken hâlde mei de stremming, lit de plysje witte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)