Spinder hast fallyt ferklearre

20 sep 2007 - 11:12
Spinder Products: nei alle gedachten tongersdei fallyt ferklearre

Spinder Products op 'e Harkema wurdt tongersdei nei alle gedachten fallyt ferklearre. By it bedriuw wurkje santich minsken. Der wurde meubels en fytsedragers foar op 'e auto makke.

It bedriuw sit al sûnt in skoft yn swier waar. Yn 2003 en 2005 wiene der grutte reorganisaasjes. Yn 2005 giene de festigings yn Surhústerfean en Drachten ticht en giene de aktiviteiten oer nei De Harkema. Doe giene 33 banen ferlern.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)