WTC Expo: Ljouwert is laks

© Omrop Fryslân
It World Trade Center yn Ljouwert krijt te min stipe fan de gemeente. Dat fynt direkteur Andries de Jong fan it WTC Expo. De Jong wol op 1 maart 2008 begjinne mei de bou fan in lúkse hotel mei 144 keamers, mar de gemeente is te laks mei it ôfjaan fan boufergunnings, sa seit De Jong.
De Jong tinkt dat it WTC aanst 700.000 minsken nei Ljouwert ta lûke sil. Ljouwert soe dan alle belang ha moatte mei it rap ferlinen fan de fergunnings.