Nij SP-lid Provinsjale Steaten

19 sep 2007 - 17:50
Foto: Omrop Fryslân

Richard Klerks út Beetstersweach is woansdei ynstallearre as SP-lid fan Provinsjale Steaten. Klerks nimt it plak yn fan Anneke Apperloo, dy't in pear wike lyn opstapte.

Apperloo fierde doe 'persoanlike redenen' oan foar har beslissing, mar earder hie se har noch fjouwerkant opsteld efter it omstriden Earste Keamerlid Yildirim. Dy waard mei foarkarstimmen keazen, mar is oanslutend út de SP smiten.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)