Spul by organisaasje maraton

Jan Kooistra, organisator en speaker by in soad hurdrinwedstriden
De organisaasje fan de Maraton fan Ljouwert hat spul. De organisator, Gezonde Stad Leeuwarden, en SV Friesland, ferantwurdlik foar it parkoers, geane útinoar. Harjan_van_Dam fan Gezonde Stad Leeuwarden nimt it Jan_Kooistra fan SV Friesland kwea ôf dat dy negatyf is oer de maraton. Neffens Kooistra gie dêr in soad mis. Kooistra is no dúdlik makke dat syn feriening tenei net mear hoecht te helpen.