Net soad auto's op ierdgas

It goede foarbyld krijt noch net in soad neifolging
De Fryske autorider wol noch net echt oan it ierdgas. Dat die woansdei bliken by de ierdgaskaravaan, dy't yn Ljouwert wie. It Saailân stie ter promoasje fol mei auto's en bussen dy't op de skjinne brânstof ride.
Bedriuwen brûke it skjinne ierdgas wol hyltiid faker foar har auto's. Probleem mei it gas is dat it op mar in pear plakken te krijen is. Mei koarten komt der in twadde stasjon by yn Fryslân.