Boete foar YKK

© Omrop Fryslân
Ritsefabrikant YKK, mei ek in festiging yn Snits, hat in grutte boete krigen fanwege it meitsjen fan kartelôfspraken mei oare fabrikanten fan ritsslutingen. Dat hat de Europeeske kommisje besletten.
De bedriuwen ha mei elkoar foar 329 miljoen euro oan boetes krigen. Se soene ôfspraken makke ha oer priisferhegingen en oer minimumprizen en se ha elkoar klanten taskood. Soks is streng ferbean.