Sakebeurs wol mear yndustry

Fansels seagen de sakelju ek even nei de behanneling fan de miljoenenota
De sakebeurs regio Drachten wol besykje om mear yndustriële bedriuwen op de beursflier te krijen. Dat hat organisator Alfred Knorr woansdei sein by de iepening fan de beurs, yn it kongressintrum Fryslân yn Drachten.
Goed 130 bedriuwen út de regio Drachten presenteare har op de beurs, fyftjin mear as ferline jier. De organisaasje hat nei oanlieding fan in enkête besletten de beurs tenei alle jierren te organisearen.