Meiprate oer boargemaster

19 sep 2007 - 12:00

Ynwenners fan Lemsterlân kinne op de webside fan de gemeente oanjaan hokker kwaliteiten har nije boargemaster ha moat. Op in list mei kwaliteiten as ynteger, beslútfeardich en fleksibel kinne minsken fiif foarkarren oanjaan.

De enkête ferskynt ek noch op papier yn Súdwest-Fryslân. De ried sil him bûge oer de útkomsten en dêrmei de definitive profylskets foar de nije boargemaster oanpasse.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)