Gjin kantoar gearwurking Waad

19 sep 2007 - 11:39
Foto: Omrop Fryslân

De Waadeilannen ha gjin ekstra kantoar nedich om de saken dêr't se yn gearwurkje ûnder te bringen. Dat is it advys fan in ûndersyksburo.

De Waadeilannen wolle gearwurkje op it mêd fan bygelyks automatisearing en personiel en organisaasje. Se ha ûndersykje litten oft dêr in kantoar foar komme moat. Neffens it ûndersyk hoecht dat net. De gemeenterieden fan de eilannen moatte no beslute oft der al of gjin kantoar komt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)