Liwwadder stickers foar Crone

19 sep 2007 - 11:11

Sicko Heldoorn hat Ferd Crone, de nije boargemaster fan Ljouwert, in pear stickers mei in tekst yn it Liwwadders stjoerd. De sticker mei de tekst "Sêg ut mar op sien Liwwadders" is bedoeld om it stedsfrysk te promoaten.

Heldoorn komt út in Liwwadder famylje en hat begjin jierren tachtich tûzenen stickers printsje litten. Se binne in presintsje dy't de nije boargemasters fan Ljouwert sûnt dy tiid krije. Heldoorn is no boargemaster fan Assen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)