Ryk ynvestearret ek yn noarden
It byld fan kritisy dat it kabinet wol yn grutte stêden ynvestearret en net yn Fryslân kloppet net. Dat seit fraksjefoarsitter Tichelaar fan de PvdA. It kabinet ynvestearret yn plattelânsbelied en lânbou.
Fierder fynt Tichelaar dat minister Eurlings sa gau mooglik beslute moat oer de Suderseeline. As dy line der net komt, dan komt in soad jild beskikber foar oare projekten. Joop Atsma fan it CDA sjocht dat ek sa.