Belgen op besite yn T'diel

© Omrop Fryslân
De kommende dagen binne yn Tytsjerksteradiel Belgyske amtners en bestjoerders op besite om te sjen nei it gemeentlik jeugdbelied. De Belgyske gasten komme út Kortrijk.
Se gean woansdei nei jongereinsintrum Kiehool yn Burgum, de brede skoalle yn Eastermar en soarchynstelling Skewiel yn Oentsjerk. Tongersdei wurdt der yn Earnewâld praat oer de trend om jeugdfoarsjenningen yn brede skoallen. Der is ek in besite oan sa'n skoalle.