Tinte útbaarnd op Flylân

19 sep 2007 - 06:32
Foto: Omrop Fryslân

Op kampearterrein Stortemelk op Flylân is tiisdeitejûn ien persoan ferwûne rekke by in brân yn in tinte. Om in oere as njoggen baarnde de tinte fan it type De Waard folslein út.

Ien kampearder hie ferwûnings fan de brân, mar koe troch it ambulansepersoniel op it eilân sels behannele wurde. Fan de tinte bleau neat oer.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)